As jo op de sintrale as fan Nijegea nei Sumar ride, sjogge jo fan fierren al de prachtige iisbaan fan Sumar. Winterdeis is it in prachtich idyllysk plaatsje as de baan iepen is en boppe al as de ferljochting juns op de baan oan is.

IIsklup "de Bleense" sa't de offisjele namme is neffens de statuten, waard oprjochte op 9 jannewaris 1893 (dit is dus al 130 jier lyn). De oarsprong fan de iisbaan is net op lokaasje sa’t wy dy no kenne, mar by de “lytse Mar” efter de pleats fan de famylje Hiddema en wer letter op it yndustryterrein fan Sumar oan it Prinses Margrietkanaal. Troch de utwreiding fan it yndustryterrein wie der jierrenlang gjin iisbaan yn Sumar, oant yn 1982 in oantal doarpsgenoaten yn aksje kaam foar in nije baan, dy kaam op it hjoeddeiske plak oan de Garyperhoeke sa't it kruspunt eartiids neamd waard.

IIsklup "de Bleense" is ien fan de ferienings ut Sumar dy't in eigen klupgebou hat. Dit gebou is yn de tachticher jierren makke troch de leden fan de iisbaanferieniging, en waard yn 2016 wat wizige en renovearre. Troch de komst fan de Sintrale as waard de baan wat feroare en wy der in oare yndieling fan it klupgebou.


Nijs


Winter 2024.



maart. '24'

Wy geane wer rjochting de maitiid en is it wetter al wêr fan de baan, spitich dat wy ferline winter net reedride koene op us iisbaan. Wy hawwe krekt wat te min froast hân om de iisbaan mei fertrouwen iepen te stellen foar reedriders.





Iepeningstiden ijsbaan.


De iisbaan is op dit stuit ticht.


mo ti wo to fr:
14:00u tot 17:30u
19:00u tot 21:00u

saterdei:
10:00u tot 12:00u
13:00u tot 17:30u
19:00u tot 21:30u

snein:
14:00u tot 17:00u
19:00u tot 21:00u


It opgean fan it iisbaanterrein is altyd foar eigen risiko!!!!

  • Facebook
  • Twitter