Lid wurde fan de iisbaanferiening?


As nij lid kinne jo allinnich betelje mei in automatyske incasso. By in nij lidmaatskip betelje jo de earste kear sels troch it bedrach oer te meitsjen op it bankrekkennumer fan "iisbaanferiening de Bleense" of as de iisbaan iepen is kontant oan de kassa. Foar de folgjende seizoenen betelje jo jierliks op 1 novimber mei in automatyske autorisaasje. It lidmaatskipsjier rint fan 1 novimber oant 31 oktober fan it der op folgjende jier

Wolle jo lid wurde fan de iisbaanferiening, dan kinne jo jo foar 1 desimber opjaan by de ponghalder fan de feriening Gepke v/d Galien of troch in mail te stjoeren nei de ledenadministraasje. Nei 1 desimber wurdt der € 5 ynskriuwjild yn rekken brocht.


De lidmaatskippen binne as folget:


In famyljekaart kostet:
Single of alder as 18 jier:
Deikaart:
Donateurs:

€ 10,00
€ 7,50
€ 2,50
€ 2,50


Foar kontakt oer lidmaatskip en/of adreswizigingen kinne jo ek kontakt opnimme mei de ledenadministraasje fan iisbaanferiening de Bleense. Foar oare fragen of opmerkings kinne jo fansels altyd kontakt opnimme mei it deistich bestjoer fan de feriening.


Eindigjen fan ut lidmaatskip.


Jo kinne jo lidmaatskip allinnich skriftlik opsizze troch jo opsizzing foar 1 oktober nei de ledenadministraasje te stjoeren. Foar ôfmeldingen nei 1 oktober is de kontribúsje foar it kommende seizoen noch wol ferskuldigd.




Bestjoer fan de iisbaanferiening.


Foarsitter:
Ponghalder:
Secretaris:
Secretaris:

Marten Bijlsma
Gepke v/d Galien
Anja Bastiaannet
Baukje Oppers

tel. 0623593928
tel. 0652607341
tel. 0634934241
tel. 0622033682


Nijs


Winter 2024.



maart. '24'

Wy geane wer rjochting de maitiid en is it wetter al wêr fan de baan, spitich dat wy ferline winter net reedride koene op us iisbaan. Wy hawwe krekt wat te min froast hân om de iisbaan mei fertrouwen iepen te stellen foar reedriders.





Iepeningstiden ijsbaan.


De iisbaan is op dit stuit ticht.


mo ti wo to fr:
14:00u tot 17:30u
19:00u tot 21:00u

saterdei:
10:00u tot 12:00u
13:00u tot 17:30u
19:00u tot 21:30u

snein:
14:00u tot 17:00u
19:00u tot 21:00u


It opgean fan it iisbaanterrein is altyd foar eigen risiko!!!!

  • Facebook
  • Twitter